De Perzyske Golf (Perzysk خلیج فارس, Arabysk الخليج الفارسي) is de útrin fan de Yndyske Oseaan tusken it Arabyske skiereilân en Iran (Perzje). Dizze binnensee hat in oerflakte fan likernôch 233.000 km² en stiet yn ferbining mei de Arabyske See troch de strjitte fan Hormuz. De ein fan de Golf wurdt markearre troch de rivierdelta fan de Sjatt al-Arab (Arvandroed) dêr't de rivieren Eufraat en de Tigris útmûnje.
De lytse lannen dy't oan de Golf lizze wurde faak oantsjutten mei de golfsteaten.
De Amerikaanske Fyfde Float is stasjonearre yn de Perzyske golf.
Keppeling om utens
- Ekology en histoarje fan de Perzyske Golf