factograf
FY
Sign in

Jean-Martin Charcot

Jean-Martin Charcot

Key facts

bertedatum29 Novimber 1825
datum fan ferstjerren16 Augustus 1893
Beropdokter
berteplakrue du Faubourg-Poissonnière
stjerplakMontsauche-les-Settons
Jean-Martin Charcot (1825 - 1893) yn in les mei in ferneamde hystearyske pasjinte, Blanche Wittmann, yn it Hôpital de la Salpêtrière.
Jean-Martin Charcot (1825 - 1893) yn in les mei in ferneamde hystearyske pasjinte, Blanche Wittmann, yn it Hôpital de la Salpêtrière.
Tekening fan Charcot fan in Parkisonpasjint, makke op in reis nei Marokko
Tekening fan Charcot fan in Parkisonpasjint, makke op in reis nei Marokko
2 images

Jean-Martin Charcot (Parys, 29 novimber 1825 - Morvan, 16 augustus 1893) wie in Franske arts dy't beskôge wurdt as ien fan de grûnlizzers fan de neurology.

Yn 't earstoan wie Charcot sikehûsarts mei niget oan senuwsyktes; hy makke it oannimlik dat multiple skleroaze en de sykte fan Parkinson ferskillende syktes wiene. Letter die er ek ûndersyk nei hystearje, dêr't er ûnder oaren hypnoaze foar tapaste. Sa waard Charcot nei syn dea fan ynfloed op de psychiatry en psycho-analyze. In protte fan Charcots kennis waard nammentlik oernommen troch syn studint Sigmund Freud. Ek Alfred Binet, Joseph Babinski en Georges Gilles de la Tourette studearren by Charcot.

Keunst yn it ûnderwiis

Charcot beskôge keunstich byldmateriaal fan grut belang foar it klinysk anatomysk ûnderrjocht. Hy brûkte faak foto's en tekeningen yn syn lessen en by lêzings, faak wienen dy makke troch himsels of troch syn studinten. Bûten it wurk om mocht Charcot ek graach tekenje.

Persoanlik

"Hy boaske oan in begoedige widdo, Madame Durvis, yn 1862 en krige twa bern, Jeanne en Jean-Baptiste. De lêste waard letter dokter en in ferneamd poalûndersiker".

Publikaasjes

  • Sur les divers états nerveux déterminés par l'hypnotisation chez les hystériques, 1882
  • Leçons sur les maladies du système nerveux, 1885-1887
  • Mei Paul Richer, Les Démoniaques dans l'art, Delahaye et Lecrosnier, 1887
  • Mei Paul Richer, Les Difformes et les Malades dans l'art, Lecrosnier et Babé, 1889
  • La foi qui guérit, Félix Alcan, Paris, 1897 Tekst on line

Keppeling om utens

  • Fonds historique Jean-Martin Charcot
  • Charcot's kolleezjes oer syktes fan it brein en senuwstelsel
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Read next

In 53 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article