factograf
FY
Sign in

Jean-Baptiste Charcot

Jean-Baptiste Charcot

Key facts

bertedatum15 July 1867
datum fan ferstjerren16 Septimber 1936
Beropdokter, ûntdekkingsreizger
berteplakNeuilly-sur-Seine
stjerplakYslân
Adelaide-eilân út it westen wei sjoen. Ut Jean Charcot. "El "Pourquoi-Pas?" en el Antártico". Madrid 1921
Adelaide-eilân út it westen wei sjoen. Ut Jean Charcot. "El "Pourquoi-Pas?" en el Antártico". Madrid 1921

Jean-Baptiste Charcot (Neuilly-sur-Seine, 15 july 1867 – op see by Yslân, 16 septimber 1936), wie in Frânsk wittenskipper, dokter en poalûndersiker. Syn heit wie de ferneamde neurolooch Jean-Martin Charcot (1825–1893).

Libben

Begraffenis fan Charcot en syn malju foar de Notre Dame fan Parys, 1936
Begraffenis fan Charcot en syn malju foar de Notre Dame fan Parys, 1936
Monumint ta oantins fan Charcot. Ittoqqortoormiit, Grienlân
Monumint ta oantins fan Charcot. Ittoqqortoormiit, Grienlân
De Pourquoi-Pas?, it skip fan Charcot
De Pourquoi-Pas?, it skip fan Charcot
Reis fan de Pourquoi-Pas? yn 1908-1910
Reis fan de Pourquoi-Pas? yn 1908-1910
4 images

Jean-Baptiste Charcot waard beneamd as lieder fan de Frânske Antarktika Ekspedysje fan 1904 oant 1907; mei it skip de Français waard de westkust fan Grahamlân ferkend. De ekspedysje berikte Adelaide Island yn 1905 en naam fot's fan de Palmerarsjipel en de Loubetkust. Fan 1908 oant 1910 folge in oare ekspedysje, mei it skip Pourquoi-Pas, dy't de See fan Bellingshausen en de See fan Amundsen ferkende en Loubetlân, Margueritebaai en Charcoteilân ûntduts, dat lêste waard neamd nei syn heit, Jean-Martin Charcot.

Letter ferkende Jean-Baptiste Charcot Rockall yn 1921 en East-Grienlân en Svalbard fan 1925 oant 1936. Hy stoar yn 1936 doe't de Pourquoi-Pas? in swier waar fergie foar de kust fan Yslân. Ta oantins fan Charcot waard yn 1936 in monumint oprjochte yn Reykjavík, fan byldhouwer Einar Jónsson en noch ien fan Ríkarður Jónsson yn 1952.

Keppeling om utens

  • Yn it spoar fan de "Pourquoi-Pas?"
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Le "Pourquoi pas?" dans l'Antarctique 1908–1910, Arthaud, Parys, 1996, ISBN 2-7003-1088-8

Read next

In 32 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article