factograf
FY
Sign in

Friesoythe

Friesoythe

Friesoythe is in stêd en in selsstannige gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen oan de rivier de Soeste en heart ta de landkreis Kloppenburch. De stêd is njonken Sealterlân yn it Aldenburger Múnsterlân situearre.

Namme

De namme Friesoythe bestiet út twa dielen Fries en oythe. Ut 1582 is de skriuwwize Frieß Oitha bewarre bleaun. Dat oythe giet werom op in soarte fan drûch eilân yn in feangebiet. It komt wol aardich oerien mei de geast of gaast yn in sompegebiet. Yn it Latyn waard de namme skreaun as Oytha frisica. Yn it Sealterfrysk hjit de stêd Ait of Äit. It taheakjen fan it begryp Fries wie yn Sealterlân oerstallich, om’t de stêd dernjonken yn East-Fryslân lei.

Plakken yn de gemeente

  • Altenoythe
  • Edewechterdamm
  • Friesoythe
  • Gehlenberg
  • Markhausen
  • Neuscharrel
  • Neuvrees
  • Thüle

De yn it doarp Altenoythe berne Heinrich Cloppenburg (* 11 april 1844, † 11 novimber 1922 yn De Haach) wie ien fan de grûnlizzers fan de kleanwinkel Peek & Cloppenburg yn Rotterdam.

Galery

Sint-Fitustsjerke, Altenoythe
Sint-Fitustsjerke, Altenoythe
Kamperfehn oan it Elisabethfehnkanal
Kamperfehn oan it Elisabethfehnkanal
St.Prospertsjerke, Gehlenberg (1831)
St.Prospertsjerke, Gehlenberg (1831)
Ald fakwurkhûs yn Gehlenberg
Ald fakwurkhûs yn Gehlenberg
Kulturzentrum Mühlenberg te Gehlenberg
Kulturzentrum Mühlenberg te Gehlenberg
5 images


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Read next

In 46 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article