factograf
FY

Wytse Hoekstra

Key facts

bertedatum26 Febrewaris 1907
datum fan ferstjerren21 Maart 1982
Beroppolitikus
berteplakBaarderadiel
stjerplakIt Hearrenfean

Wytse Hoekstra (Baarderadiel, 26 febrewaris 1907 – It Hearrenfean, 21 maart 1982) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Hy waard berne as soan fan dokter Steven Frederik Hoekstra (1872-1956) en Wijke van Loon (1883-1965). Hy studearre ôf yn de rjochten en wie sûnt 1937 boargemaster fan syn bertegemeente. Yn 1942 waard hy ûntslein wêrnei't er troch in NSB'er opfolge waard. Hoekstra wie as gizelder ynternearre yn Kamp Sint-Michielsgestel.

Nei de befrijing fan Nederlân yn 1945 kaam hy werom as boargemaster fan Baarderadiel en yn 1950 folge syn beneaming ta boargemaster fan Haskerlân. Hy wie dêrneist ûnder oare fisefoarsitter fan de AVRO en wie dêrfan om 1962 foarsitter. Yn maart 1972 gie Hoekstra as boargemaster mei pinsjoen en yn 1982 ferstoar er yn de âldens fan 75 jier.

Sjoch ek

Read next

In 3 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article