factograf
FY

Tony Sirico

Tony Sirico

Key facts

bertedatum24 July 1942
datum fan ferstjerren8 July 2022
Beropakteur
berteplakBrooklyn
stjerplakFort Lauderdale

Genaro Anthony (Tony) Sirico, Jr. (Brooklyn, 29 july 1942 – Fort Lauderdale Floarida, 8 july 2022) wie in Amerikaansk akteur. Hy is benammen bekend troch syn rol as Paulie Gualtieri yn de telefyzjesearje The Sopranos. Dêrneist hat er as stimakteur wurke yn ôfleveringen fan SpongeBob SquarePants en The Fairly OddParents.

Hy aktearre betreklik faak yn de rol fan gangster, lykas yn de films The Last Fight, Goodfellas, Bullets Over Broadway, Mighty Aphrodite, Cop Land en Mickey Blue Eyes. Hy hat ek rollen as plysjeman spile, lykas yn Dead Presidents en Deconstructing Harry.

Sirico ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 79 jier, hy wie al in skoft siik.

Read next

In 34 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article