factograf
FY
Sign in

Ten Boer

Ten Boer
Lizzing Ten Boer
Lizzing Ten Boer

Ten Boer is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Grinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 45,71 km² (0,46 km² is wetter) en hat in ynwennertal fan 7.233 (2000).

Yndieling gemeente

Ten Boer en omkriten
Ten Boer en omkriten

De gemeente Ten Boer hat noch de neikommende plakken: Achter-Thesinge, Garmerwolde, Kröddeburen, Lellens, Sint-Annen, Ten Post, Thesinge, Winneweer, Witewierrum en Woltersum. Tsjintwurdich is it Iemskanaal de eastgrins fan de gemeente. oarspronklik roan de gemeentegrins mear eastlik fan dit kanaal, mar dit part, dêr't de buorskippen Blokum, Graauwedijk, Heidenschap en Roeksweer ta hearden, waard yn 1962 by de gemeente Slochteren foege.

It lot fan de gemeente hat der om hinge by de gemeentlike weryndieling yn 1990; de noarm wie doe dat in gemeente teminsten 10.000 ynwenners hawwe moast, en Ten Boer foldie net oan dy noarm. In gearfoeging mei de gemeente Bedum gie lang om let dochs net troch. Sûnt 2006 hat Ten Boer op amtlik nivo in nauwe gearwurking mei de gemeente Grins. Ten Boer is in selsstannige gemeente, mar in protte taken wurde troch de gemeente Grins útfierd.

It doarp Ten Boer

Ten Boer leit sa'n fiif km benoardeasten fan de stêd Grins. Yn de 20e iuw hat it him ûntjûn (foar in part) ta in forinzeplak.

Yn 1301 waard der by it doarp in frouljuskleaster fanwege de Benediktinessen stifte. Fan dat kleaster is de hjoeddeiske Nederlânsk Herfoarme Tsjerke oerbleaun. Faaks is de tsjerke al set foar it kleaster, mar it hat der wol diel fan west.

Iepenbier ferfier

De neikommende buslinen fersoargje it iepenbier ferfier yn de gemeente Ten Boer:

  • line (1)40: Grins-Garmerwolde-Ten Boer-Ten Post-Appingedam-Delfsyl
  • line (1)42: Grins-Garmerwolde-Ten Boer-Ten Post-Loppersum
  • liine 47: Grins-Garmerwolde-Thesinge-Sint Annen-Ten Boer
  • buertbus 95: Ten Boer-Woltersum-Appingedam

Mûnen

Ynterieur fan de kleastertsjerke
Ynterieur fan de kleastertsjerke
Mole Bovenrijge
Mole Bovenrijge
It eardere gemeenthûs fan Ten Boer
It eardere gemeenthûs fan Ten Boer
3 images

Oan it Damsterdjip steane twa mûnen dy't beide yn de ôfrûne 20 jier as in feniks ta nij libben kaam binne:

Keppelings om utens

  • Webstee gemeente Ten Boer
  • Webstee www.vrouger.nl oer de skiednis fan Ten Boer


Read next

In 39 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article