factograf
FY

Springfield (Illinois)

Springfield (Illinois)
Lizzing fan Springfield yn Illinois
Lizzing fan Springfield yn Illinois

Springfield is de haadstad fan de steat Illinois, yn de Feriene Steaten fan Amearika, en ek it haadplak fan Sangamon County. By de telling fan 2000 hie de stêd sa'n 111.454 en de agglomeraasje 201.437 ynwenners.

De stêd waard stifte yn 1821 en waard de haadstêd fan Illinois yn 1837. Ferskate plakken yn de stêd bringe Abraham Lincoln te binnen, dy't yn 1832 mei syn politike wurkpaad yn Springfield útein sette. De âlde Route 66 rint troch de stêd.

Demografy

Fan de bevolking is 14,4 % âlder as 65 jier en bestiet dy foar 36,1 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 4,2 % (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 1,2 % fan de befolking fan Springfield bestiet út hispanics en latino's, 15,3 % is fan Afrikaansk komôf en 1,5 % fan Aziatyske oarsprong.

HIt tal ynwenners gie fan 107.265 yn 1990 nei 116.250 yn 2010.

Klimaat

Springfield hat in lânklimaat. Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -4,3 °C, yn july is dat 24,7 °C. Der falt 895,4 mm delslach it jier (feiten mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Springfield

It âlde State Capitol
It âlde State Capitol
Tombe fan presidint Lincoln
Tombe fan presidint Lincoln
Skea oan hotel nei de tornado fan 2006
Skea oan hotel nei de tornado fan 2006
3 images
  • Seth Barnes Nicholson (12 novimber 1891), Amerikaansk astronoom
  • June Christy (1925–1990), sjongster
  • Barrett Deems (1914-1998), jazz-drummer en bandlieder
  • David Hammons (* 1943), keunstner
  • William Jayne (1826–1916), politikus
  • Nicholas Vachel Lindsay (1879–1931), skriuwer
  • Robert Todd Lincoln (1843–1926), politikus
  • James H. Slater, politikus en kongreslid
  • Dave Wolverton (* 1957), skriuwer


Read next

In 125 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article