factograf
FY

Qinghai

Qinghai

Qinghai (Sineesk: 青海省, pinyin-transliteraasje: Qīnghǎi; útspr.: [tɕʰíŋ.hàɪ], likernôch: "tsjing-hai",  beharkje) is in provinsje yn it westen fan 'e Folksrepublyk Sina. De provinsje leit foar in grut part op it Tibetaansk Heechlân en is neamd nei de Qinghai-mar, de grutste sâltwettermar fan Sina. Qinghai wurdt ek wol de "boarne fan de trije rivieren" neamd, om't de boarnen fan 'e Giele Rivier, de Yangtze en de Mekong yn dizze provinsje lizze.

Skiednis

It gebiet fan Qinghai leit op it noardeastlike part fan it Tibetaansk Heechlân en waard fanâlds bewenne troch nomadyske folken lykas de Qiang. Fanwegen de hege lizzing bleau it gebiet lang relatyf isolearre, al kaam it eastlike diel yn 'e tiid fan 'e Han-dynasty ûnder Sineeske ynfloed.

Fan 'e 7e oant de 9e iuw hearde in grut part fan Qinghai ta it Tibetaanske Ryk en makke it diel út fan 'e histoaryske regio Amdo. Yn 'e 13e iuw waard it gebiet opnaam yn it Mongoalske Ryk en yn 'e 17e iuw kaam it ûnder it bewâld fan de Khoshut-Mongoalen.

Yn 1724 waard Qinghai troch de Qing-dynasty oermastere en kaam it ûnder Sineesk gesach, al bleau it in multy-etnysk grinsgebiet mei in grutte rol foar lokale hearen. Nei 1912 waard it formeel ûnderdiel fan de Republyk Sina, mar yn 'e praktyk waard it bestjoerd troch in groep moslim-kriigshearen.

Sûnt 1949 heart Qinghai by de Folksrepublyk Sina en is it gebiet stadichoan sterker yntegrearre yn de Sineeske steat.

Stêden

  • Xining - haadstêd en fierwei de grutste stêd, ekonomysk en bestjoerlik sintrum
  • Golmud - twadde stêd fan 'e provinsje, wichtich foar mynbou en transport (Tibet-spoarline)
  • Haidong - grut befolke gebiet eastlik fan Xining, ferskate stedskearnen
  • Delingha - bestjoerlik sintrum fan de Haixi-prefektuer, relatyf lyts mar regionaal wichtich
  • Golmud - logistyk knooppunt
  • Yushu - regionaal sintrum yn it Tibetaanske diel, bekend fan 'e ierdskodding fan 2010
  • Tongren - kultureel wichtich Tibetaansk sintrum (Rebgong-keunst)
  • Gonghe - bestjoerlik sintrum fan Hainan-prefektuer
  • Mangnai - lytse, mar strategysk lizzende stêd yn it westen
  • Guide - lytse stêd oan 'e Giele Rivier

Sineeske stêden binne faak bestjoerlike regio's. Allinnich Xining en Golmud binne echt grutte stêden, de rest binne regionale sintra of bestjoerlike haadplakken fan prefektueren.

Bestjoerlike yndieling

De bestjoerlike yndieling fan Qinghai is as folget:

Nû Namme Sineeske karakters Hànyǔ pīnyīn
Stedsprefektueren
3 Xining 西宁市 Xīníng Shì
4 Haidong 海东市 Hǎidōng Shì
Autonome prefektueren
2 Haibei (Tibetaansk) 海北藏族自治州 Hǎiběi Zàngzú Zìzhìzhōu
6 Huangnan (Tibetaansk) 黄南藏族自治州 Huángnán Zàngzú Zìzhìzhōu
5 Hainan (Tibetaansk) 海南藏族自治州 Hǎinán Zàngzú Zìzhìzhōu
8 Golog (Tibetaansk) 果洛藏族自治州 Guǒluò Zàngzú Zìzhìzhōu
7 Yushu (Tibetaansk) 玉树藏族自治州 Yùshù Zàngzú Zìzhìzhōu
1 Haixi (Mongoalsk en Tibetaansk) 海西蒙古族藏族自治州 Hǎixī Měnggǔzú Zàngzú Zìzhìzhōu

Befoking

Qinghai is ien fan de meast multy-etnyske provinsjes fan Sina, mei:

  • Han-Sinezen (grutste groep);
  • Tibetanen;
  • Hui (moslimminderheid);
  • en lytsere groepen lykas Salar, Tu en Mongoalen.

Ofbylden

Mûntsen by it Kumbum-kleaster.
Mûntsen by it Kumbum-kleaster.
Dongguan-moskee yn Xining.
Dongguan-moskee yn Xining.
Caka-sâtmar.
Caka-sâtmar.
3 images
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Qinghai fan Wikimedia Commons.

Read next

In 107 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article