factograf
FY
Sign in

Norwich

Norwich

Key facts

is instêd, grutte stêd
lânFeriene Keninkryk
offisjele taalIngelsk
Lizzing distrikt Norwich yn Norfolk
Lizzing distrikt Norwich yn Norfolk

Norwich (Nederlânsk, ferâldere: Noordwijk) is in Ingelske stêd (city) en in distrikt yn it greefskip Norfolk.

Norwich leit oan it rivierke de Wensum.

Ut de skiednis

Anglikaanske katedraal fan Norwich
Anglikaanske katedraal fan Norwich
Katolike Jehannes de Doperkatedraal
Katolike Jehannes de Doperkatedraal
It stedhûs fan Norwich
It stedhûs fan Norwich
It kastiel fan Norwich út de 12e iuw
It kastiel fan Norwich út de 12e iuw
Theatre Royal
Theatre Royal
5 images

Norwich wie yn de 11e iuw de grutste stêd yn Ingelân nei Londen en ien fan de meast wichtige plakken yn it keninkryk. Yn 1144 waarden de Joaden fan Norwich beskuldige fan rituele moard op in jonkje (William of Norwich). It foarfal late ta de earste pogrom tsjin Joaden yn Ingelân. William krige de status fan martler en it plak luts in soad pylgers. Op 6 febrewaris 1190 waarden alle Joaden fan Norwich ôfslachte, útsein dejingen dy't beskûl yn it kastiel socht hienen. Yn 1171 hie Norwich te lijen fan in grutte stedsbrân.

Iuwenlang wie de produksje fan tekstyl dêr fan grut ekonomysk belang.

Norwich hat in soad skea oproan troch bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich. Grutte parten fan de âlde binnenstêd giene doe ferlern.

Berne yn Norwich

  • Pablo Fanque (1796-1871), earste swarte sirkusdirekteur yn Grut-Britanje
  • Danny Mills (1977), fuotballer

Read next

In 93 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article