Nieuw- en Sint Joosland (Siuwsk: 't Nieuwland) is in doarp en eardere gemeente yn it súdeasten oan 'e râne fan it Siuwske Walcheren yn 'e gemeente Middelburch. Nieuw- en Sint Joosland hat goed 1.380 ynwenners (2026).
Polderskiednis

Nieuw- en Sint Joosland ûntstie yn 'e santjinde ieu, yn 'e tiid dat it Sloe stadich begûn te fersânjen en in ynteressant gebiet waard om te bedykjen. Yn 1603 kocht de stêd Middelburch in part fan 'e kwelder. Yn 1644 waard dat oan 'e boargemaster persoanlik ferkocht. Yn 1631 ûntstie de Oud-Sint Jooslandpolder, folge yn 1644 troch de Middelburchske polder. Der ûntstie in lytse wenkearn yn 'e Oud-Sint Jooslandpolder, it eigentlike Sint Joosland, mar dat kaam nea ta folle bloei. Dat buorskip hjit tsjintwurdich Oudedorp. Op it nije lân leine in pear pleatsen. Dêrnjonken wiene der ek acht seachmûnen. De Middelburchske polder lei oan 'e drok befarre see-earm Welzinge, foar de mûning oer fan it Middelburchske havenkanaal. Dat makke de houthannel tige winstjaand. De Middelburchske polder waard gewoanwei "Nieuw land" neamd. Oare polders folgen dêrnei: yn 1661 de Nieuwerkerkepolder, yn 1671 de Nieuw-Sint Jooslandpolder en yn 1672 de Molenpolder. Oer lân wie it gebiet net te berikken. Oer de Welzinge waard wol in fearferbining ynsteld en by de haven ûntstie it doarp Nieuwland. Yn 1650 waard it eilân grut genôch fûn foar in eigen tsjerke.
Gemeente
Yn 1816 waarden de twa gemeenten Nieuwland en Sint Joosland gearfoege ta de nije gemeente Nieuw- en Sint Joosland, al bestie de lêste gemeente mar út in lyts strjitsje (nammentlik it noch altyd besteande buorskip Oudedorp - yn it Siuwsk 't Ouwe Durp) en in pear pleatsen. Twa jier letter waard in daam oanlein troch de Welzinge dy't it eilân mei it âlde Walcheren ferbûn; Middelburch hie doe in nij havenkanaal nei Feare groeven en dat farwetter is wie langer net nedich. Sa gie ek de houtyndustry yn Nieuw- en Sint Joosland ferlern, wêrtroch't it folslein agrarysk wurdt.
Yn 1966 waarden it doarp Nieuwland en it buorskip Oudedorp by de stêd Middelburch weryndield. Mear as de helte fan it grûngebiet fan 'e ophefte gemeente, hast 8 km², giet dat jier nei de gemeente Flissingen, goed 7 km² nei Middelburch en 7 ha nei Arnemuiden. By de gemeentlike weryndieling fan 1997 kriget it doarp it noardlike diel fan 'e Nieuw- en Sint Jooslandpolder werom fan Flissingen.
Gebouwen

De Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Nieuwland is yn 1882 boud; fan 'e âlde tsjerke út 1650 is noch in part fan 'e muorre om it tsjerkhôf mei de tagongspylders bewarre bleaun. Krekt bûten it doarp stiet de yn 1874 boude nôtmûne "Buiten Verwachting".
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nieuw- en Sint Joosland fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
