Narbonne (Oksitaansk: Narbona) is in histoaryske stêd yn it suden fan Frankryk, yn it departemint Aude yn 'e regio Oksitaanje. De stêd leit oan 'e rivier de Aude, op in pear kilometer fan 'e Middellânske See en hat sa'n 58.000 ynwenners. Troch de lizzing oan wichtige hannelsrûtes wie Narbonne al yn 'e Romeinske tiid in wichtich sinrum fan hannel en bestjoer.
Narbonne waard yn 118 f.Kr. stifte as de earste Romeinske koloanje yn Galje westlik fan 'e Rône. Under de namme Colonia Narbo Martius ûntwikkele de stêd him ta de haadstêd fan 'e Romeinske provinsje Gallia Narbonensis. Ek yn 'e Midsiuwen bleau Narbonne in wichtige stêd, ûnder mear as biskopssit en hannelssintrum. De stêd waard letter bekend om har wynbou, har histoaryske gebouwen en har ferbining mei it Canal du Midi.
Tsjintwurdich is Narbonne in wichtich regionaal sintrum en in toeristyske stêd. Ta de bekendste monuminten hearre de Cathédrale Saint-Just-et-Saint-Pasteur, it Palais des archevêques, de Pont des Marchands en de Basilica Saint-Paul-Serge. It Canal de la Robine, dat troch de histoaryske binnenstêd rint, makket diel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed fan it Canal du Midi.
Geografy
Narbonne leit yn it suden fan Frankryk, yn it easten fan 'e regio Oksitaanje en yn it suden fan it departemint Aude. De stêd leit oan 'e rivier de Aude, op sa likernôch 10 kilometer fan 'e Middellânske See. It gemeentlik gebiet is mei 172,96 km² relatyf grut en rint fan 'e flakke kuststreek oant de heuvels yn it noarden en westen, mei hichten fan likernôch 0 oant 285 meter boppe seenivo.
Narbonne leit yn in oergongsgebiet tusken de kustflakte fan 'e Languedoc en de heuvelige gebieten fan 'e Corbières. Yn 'e omkriten is in protte wynbou, wat al iuwenlang in wichtige ekonomyske aktiviteit is. Oan 'e kust lizze ferskate lagunes en sompen, wêrûnder it Étang de Bages et de Sigean, dy't fan 'e see skieden wurde troch in smelle kuststripe.
Troch de stêd rint it Canal de la Robine, in tûke fan it Canal du Midi dy't de Aude dwers troch Narbonne hinne ferbynt mei de Middellânske See. It kanaal foarmet in wichtich ûnderdiel fan it histoaryske wetternetwurk yn 'e regio. De kust fan Narbonne wurdt fierder karakterisearre troch lange sânstrannen, mei Narbonne-Plage as it bekendste badplak fan 'e gemeente.
It klimaat is typysk mediterraneesk, mei mylde winters, waarme en relatyf drûge simmers en in soad sinne. Yn 'e hjerst kinne swiere reinbuien foarkomme. De omkriten fan Narbonne steane ek bekend om de Tramontane, in faak hurde noardwestlike wyn dy't benammen yn 'e winter en maitiid foarkomt.
Skiednis

Romeinske tiid
Narbonne wie de earste Romeinske delsetting yn it hjoeddeiske Frankryk westlik fan 'e Rône. De stêd waard stifte yn 118 f.Kr. en lei strategysk oan 'e Via Domitia en de Via Aquitania. Narbonne wie in wichtige haven oan in lagune by de Aude. Yn 45 f.Kr. makke Julius Caesar der in koloanje foar feteranen fan (Colonia Narbo Martius). Yn 22 f.Kr. waard de provinsje Gallia Narbonensis ferneamd nei de haadstêd Narbonne. Yn 'e 3e iuw krige de stêd in muorre fan 1600 meter. De Romeinske stêd wurdt mei saken en de byhuizen Horreum en Amphoralis yn it yn 2021 iepene museum Narbo Via betocht.
Midsiuwen
Sûnt 462 lei Narbonne yn 'e ynfloedsfear fan 'e Fisigoaten. It waard foar in koart skoft de haadstêd fan it hiele Fisigoatyske Ryk en letter, neidat it Fisigoatyske Ryk de measte gebieten noardlik fan 'e Pyreneeën oan it Franske Ryk ferlern hie, fan 'e Fisigoatyske provinsje Septimaanje. Yn it ramt fan 'e oermastering fan it Fisigoatyske Ryk troch de Moaren waard yn 719 ek Narbonne ynnommen. Fjirtich jier letter, yn 759, foel de stêd oan it Franske Ryk meidat Pepyn de Koarte de stêd werom ferovere. Yn it jier 793 waard Narbonne troch in leger fan 'e yn Córdoba residearjende emir Hischam I ferneatige, plondere en ûntfolke.
Yn 'e Hege Midsiuwen hearde it hartochdom Narbonne ta de ynfloedsfear fan 'e greven fan Toulouse en dêrmei ek fan 'e Kataren, dy't lykwols yn 'e Albiginzeroarloggen (1209–1229) hast útmoarde waarden. Dêrnei foel it gebiet oan 'e Frânske kroan. Yn 'e jierren fan 1272 oant 1332 ûntstie de yn 'e Noardfrânske styl fan 'e gotyk boude katedraal Saint-Just, dêr't it 41 meter hege koer fan ien fan 'e heechste fan Frankryk is.
De stêd bestie út ferskate wiken (de Cité, de Bourg en de Joadske wijk) en krige yn 'e 12e iuw konsuls. Troch in oerstreaming fan 'e Aude yn 1320 feroare de rin fan 'e rivier, wêrtroch't Narbonne syn seehaven ferlear en der in ein oan 'e bloeitiid fan 'e stêd kaam.
Nei 1500
Sûnt 1507 foel Narbonne ûnder de Frânske kroan en waard it fersterke as grinsstêd. Yn 'e 17e iuw soarge it Canal de la Robine foar in nije rivierferbining mei de Middellânske See. Yn 1790 ferlear de stêd har biskoplike sit. Yn 'e 19e iuw groeide de ekonomy troch wynbou en de komst fan it spoar, en waarden de ferâldere stedsomwâlings ferfongen troch bûlevards.
Ferkear en ferfier
Narbonne leit op in wichtich knooppunt fan ferkearsrûtes yn it suden fan Frankryk. De stêd leit oan 'e Autoroute A9, dy't fan Oranje fia Montpellier en Narbonne nei Perpignan en de Spaanske grins rint. Nei it westen ferbynt de Autoroute A61 Narbonne mei Toulouse. Dêrtroch is de stêd goed ferbûn mei de rest fan it suden fan Frankryk en mei Spanje.
It Gare de Narbonne is in wichtich spoarstasjon oan 'e spoarline fan Bordeaux nei Sète en fierder nei Marseille. Fan Narbonne ôf rint ek in spoarline nei Perpignan en de Spaanske grins. It stasjon wurdt betsjinne troch ferskate soarten treinen, wêrûnder regionale TER-treinen en langeôfstânstreinen. De spoarferbining makket Narbonne in wichtich oerstapplak tusken de kuststêden fan Oksitaanje en de stêden yn it binnenlân.
It iepenbier ferfier binnen de gemeente wurdt fersoarge troch in netwurk fan buslinen. Dy ferbine it stedssintrum mei de ferskillende wiken en mei de omlizzende doarpen. Nei de kust rint in ferkearsferbining nei Narbonne-Plage, dy't yn 'e simmermoannen in soad brûkt wurdt troch toeristen.
Foar fytsers is Narbonne ferbûn mei ferskate regionale fytsrûtes. Benammen de rûte lâns it Canal de la Robine is populêr. It kanaal sels wurdt tsjintwurdich benammen brûkt foar rekreaasjefeart en makket diel út fan it histoaryske wetternetwurk fan it Canal du Midi.
De gruttere fleanfjilden yn 'e omkriten binne it Fleanfjild fan Béziers–Cap d'Agde en it Fleanfjild fan Perpignan–Rivesaltes. It gruttere Fleanfjild Montpellier-Méditerranée leit justsjes fierder nei it noardeasten.
It besjen wurdich
Fan 'e tredde oant de 19e iuw wie Narbonne in ommuorre stêd. Fan 'e âlde ferdigeningswurken fan Narbonne binne noch mar in pear spoaren te finen.
Wichtige monuminten binne:
Cathédrale Saint-Just-et-Saint-Pasteur
De goatyske katedraal fan Narbonne út 'e 13e, 14e en de 18e iuw hat in rike tsjerkeskat.
Palais des archevêques
It aartsbiskoplik paleis datearret fan 'e 12e-14e iuw. Yn it paleis binne in pear musea ûnderbrocht.
Basilica Saint-Paul-Serge
De basilyk is in wichtige romaanske en iergoatyske basilyk.
Stedhûs
It neogoatyske stedhûs út 'e njoggentjinde iuw, boud troch Viollet-le-Duc.
Canal de la Robine
It kanaal is as ûnderdiel fan it Canal du Midi UNESCO-wrâlderfgoed.
Pont des Marchands
De Pont des Marchand is ien fan 'e seldsume brêgen yn Frankryk dy't noch folslein beboud is mei winkels en huzen (as in lytsere ferzje fan de Ponte Vecchio yn Florâns). De brêge stammet út 'e Romeinske tiid en is in grutte toeristyske trekpleister.
Abdij Sainte-Marie de Fontfroide
De abdij Sainte-Marie de Fontfroide leit súdwestlik fan Narbonne en waard yn 1093 stife. It kleaster leit yn in rêstige delling yn 'e Languedoc.
Befolkingsûntwikkelng
| Jier | 1800 | 1851 | 1901 | 1954 | 1999 | 2013 |
| Ynwennertal | 9086 | 13.066 | 28.852 | 32.060 | 46.510 | 52.855 |
Ofbylden



Keppeling om utens
- Le Petit Narbonnais WikiWebside fan de stêd
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Narbonne fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
