factograf
FY
Sign in

Maar

Maar

In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. Dy namme is besibbe oan de Fryske mear. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de Grinslanner goaen Hunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.

In stikmannich foarbylden:

  • it Abbemaar
  • it Bierumermaar
  • it Biessumermaar
  • it Eenumermaar
  • it Kardingermaar
  • it Lellenstermaar
  • it Lustigemaar
  • it Pieterbuurstermaar
  • it Potmaar
  • it Sauwerdermaar
  • it Sint-Nicolaasmaar
  • it Stedumermaar
  • it Uitwierdermaar
  • it Warffumermaar
  • it Westerwijtwerdermaar

By wetterskip Noardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.

Maren yn East-Fryslân

De maren yn East-Fryslân lizze hast allinne yn de Krummhörn, mar ek binne der in pear yn it Reiderlân en yn Moormerlân. Foarbylden binne:

Yn Fryslân

De gritenij Opsterlân wurdt op it 14e-iuwske lânskipssegel ek oantsjut as S(uper) Haudmare, dat is 'boppe it Haadmaar' of 'boppe de haadstream (lizzend)'. Mei Haudmare waard sa't it liket de Boarn bedoeld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. Bügel et al., Maren in Noord-Groningen: ideeën en voorbeelden (PDF), Landschapsbeheer Groningen, Grins 2005
  • T. Goldhoorn, 'Enige opmerkingen over de zeeklei van het Noordoostelijk deel van Groningen' (PDF), yn: Boor en Spade 1 (1948), 250-257 (mei in kaart fan wierden en eardere wetters yn Noardeast Grinslân)

Read next

In 2 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article