

2 images
Lolke Siderius (op Lankum by Frjentsjer, 4 augustus 1885 - dêre, 16 augustus 1920) wie in boer-meganikus.
Hy makke yn 1919 in eigen planetarium. Oars as Eise Eisinga boude hy it net tsjjin de souder, mar fan in dûbele tafel. De oerflakte fan elk fan de trije flakken is ± 60 sintimeter yn in Z-foarm. De ûnderste tafel is de graadferdieling, de sinne, de moanne, Fenus-Merkurius yn draaiende beweging. Tsjin ien fan de opsteande wanden is in stjerrehimel mei alle stjerrebylden. Op de boppeste tafel sjocht men de sinne, de ierde de moanne. Dêrop binne de ferskate fertsjusterings te sjen. Soks stiet net op it planetarium fan Eisinga.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:- Kranteknipsel oer it planetarium
- Havinga, E., ‘Het leven en werken van Eise Eisinga en Lolke Siderius’, Hemel en dampkring 1923, nr. 6, s. 157-179.
- Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Siderius, Lolke.
