factograf
FY

Kody Keplinger

Key facts

bertedatum8 Augustus 1991
Beropromanskriuwer, skriuwer
berteplakOwensboro

Kody Keplinger (Owensboro, 8 augustus 1991) is in Amerikaansk skriuwster fan benammen literatuer foar jongfolwoeksenen. Se is it bekendst wurden mei har debútroman The DUFF.

Libben en karriêre

Keplinger waard yn 1991 berne yn Owensboro, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hja genoat har oplieding oan it Ithaca Kolleezje yn Ithaca (New York).

Yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle, doe't se santjin jier wie, skreau Keplinger har debútroman The DUFF. Doe't dat boek yn 2010 útjûn waard, helle it de bestsellerlist fan The New York Times. It is noch altyd har bekendste wurk. It waard yn 2015 ûnder deselde titel ferfilme.

Anno 2023 hat Keplinger noch seis oare romans skreaun, wêrûnder Lying Out Loud (2015), dat deselde setting hat as The DUFF, mar mei oare haadpersoanen gjin ferfolch neamd wurde kin. Yn 2021 skreau Keplinger fierders yn gearwurking mei yllustratrise Sara Kipin de grafyske roman Poison Ivy: Thorns, oer de supersmjuntinne Poison Ivy.

Priveelibben

Keplinger wennet yn New York, dêr't se workshops yn kreätyf skriuwen jout.

Wurk

romans
  • 2010 – The DUFF
  • 2011 – Shut Out
  • 2012 – A Midsummer's Nightmare
  • 2014 – The Swift Boys & Me
  • 2015 – Lying Out Loud
  • 2016 – Run
  • 2020 – That's Not What Happened
grafyske romans
  • 2021 – Poison Ivy: Thorns (mei yllustratrise Sara Kipin)

Keppelings om utens

  • (in) Offisjele webside fan Kody Keplinger
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Read next

In 2 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article