factograf
FY
Sign in

Kersebiter

Kersebiter

De kersebiter of apelfretter (Coccothraustes coccothraustes) is in fûgelsoarte (taksonomy) út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae)

Namme

De namme kersebiter hat de soarte om't de fûgels sa'n sterke snaffel hawwe dat hja in kersepit stikken bite kinne. De kersebiter hjit yn it Frysk ek wol appelfretter of apelfretter.

Beskriuwing

Kersebiter yn Portegal.
Kersebiter yn Portegal.

De kersebiter is in foarse finkfûgel mei in dikke kop, in dikke hals en in koarte sturt. It fearrekleed is foar it grutste part readbrún en bêzjebrún mei swarte, wite en grize kleuren. De wjukken binne glânzgjend blauswart, wêrfan't de binnenste slachpinnen mei heakfoarmige blauwe úteinen binne. Yn 'e flecht is in wite streek op 'e hânpinnen te sjen en de sturt hat in brede wite einbân. De snaffel fan it mantsje ferkleuret yn 'e maitiid nei griisswart mei in blaugrize basis. Winterdeis is de snaffel ivoarkleurich of ljocht gielbrún.

It mantsje hat waarmere en rikere kleuren. De kop en de nekke binne faak djipper kastanjebrún en it swarte kielplak is grutter en skerper ôftekene. Dêrnjonken is de blauwe kleur op 'e wjukken opfallender en yntinser. Oer it generaal is it mantsje kontrastriker.

De juvenyl hat in bleekbêzje kop, gjin of hast gjin swart kielplak en in griisgiel boarst mei op 'e búk grutte donkere plakken.

Fersprieding

It ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter bestiet út in grut part fan Jeropa en Aazje. Yn it grutste part fan it Jeropeeske ferspriedingsgebiet is de kersebiter in stânfûgel. Hy libbet it leafst yn âlde leafbosken mei in soad ike-, bûke- en iperenbeammen, dêr't de fûgel it grutste part fan 'e dei yn 'e boppeste beamlagen libbet.

Der wurde seis ûndersoarten ûnderskieden:

Nederlân

Yn Nederlân falt it ferspriedingsgebiet fan 'e kersebiter gear mei dat fan grutte bosken. Bolwurken yn Nederlân binne Twinte, de Achterhoek en dielen fan 'e Feluwe en Limburch. Tusken 1975 en 1995 namen de oantallen yn Nederlân ta. Dêrnei bleau de Nederlânske populaasje stabyl, mar nei 2007 namen de oantallen op in soad plakken fannijs ta. Yn Fryslân komt de kersebiter foaral yn it súdeasten fan 'e provinsje foar.

Hâlden en dragen

De fûgel bringt graach in besite oan fruitbeammen en dan benammen kersebeammen. Mei syn krêftige snaffel kreaket er de kersepitten. Dêrnjonken yt de soarte ek ynsekten.

Kersebiters binne tige skou en wach en dreech te observearjen. Se libje in soad yn 'e beamkroan en meitsje in rappe flecht fan 'e ien groep beammen nei de oare. Se binne binne winterdeis ek yn groepen op 'e boaiem te sjen as se nei sied sykje.

De fûgel nêsket heech yn 'e beammen, ticht tsjin de stamme oan en soms yn strewellen. De briedperioade rint fan april oant en mei juny. In lechsel bestiet meastal út fjouwer of fiif aaien, mar dit oantal kin fariearje fan twa oant sân. De kleur kin sterk ferskille. It aai kin in brúnich-giele, griis-griene of ljochtblauwe basiskleur hawwe en hat pears-brúne en ljochtgrize unregelmjittige plakken. Ek de grutte fan it aai kin ferskille. De aaien wurde alve oant trettjin dagen troch it wyfke bebret. De jonge fûgels wurde mei sied en rûpen fuorre. Yn it earstoan bringt it mantsje it iten nei it wyfke op it nêst, dat har jongen fuorret. Letter, as de jongen grutter binne, wurde se troch beide âlden fuorre. Nei tolve oant fjirtjin dagen fleane de jongen út en dan bliuwe se noch teminsten twa wiken yn 'e buert fan it nêst.

Ofbylden
  • Aaien
    Aaien
  • Nêstfûgel
    Nêstfûgel
  • Juvenyl
    Juvenyl

Status

De kersebiter hat in grut ferspriedingsgebiet, de wrâldpopulaasje is grut en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne hat de soarte de status net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN.

Keppelings om utens

  • waarneming.nl — resinte waarnimmings yn Nederlân
  • SoortenBank.nl — beskriuwing, ôfbylden en lûd

Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kersebiter fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • BirdLife, oproppen 22 july 2026.
  • Birds of the World, oproppen 22 july 2026.
  • eBird, oproppen 22 july 2026.
  • Sovon, oproppen 22 july 2026.

Read next

In 78 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article