factograf
FY

Jenisejsk

Jenisejsk

Jenisejsk (Russysk: Енисейск, Jenisejsk) is in stêd oan de rivier de Jenisej yn de Russyske kraj Krasnojarsk.

Skiednis

De stêd oan it begjin fan de 20e iuw
De stêd oan it begjin fan de 20e iuw

Jenisejsk waard yn 1619 as in militêr fort stifte as earste stêd oan de rivier Jenisej. Yn 1635 krige it plak stedsrjocht. Yn de kolonisaasje fan East-Sibearje hie de stêd yn de 17e en 18e iuw in wichtige rol as oerslachplak foar goud en bont. Yn dy tiid kaam likernôch 90% fan al it Russyske goud hjir wei en de monumintale hûzen út dy tiid tsjûgje dêr noch fan. Oardel iuw lang tsjinne de stêd as poarte nei East-Sibearje.

Al sûnt de stifting wie de stêd foar minsken dy't yn ûngenede foelen in plak fan ferballing. Under Stalin waarden finzenen fan de Gûlag troch Jenisejsk yn skippen nei de noardeastlike goudminen fan Kolyma brocht.

Op 3 july 1869 soarge in grutte brân foar in soad skea yn 'e stêd. Mar de brân fan 27 augustus 1869 wie noch slimmer en lei hast de hiele stêd (útsein it heger lizzende diel) yn 'e jiske. Troch in hurde wyn sloegen de flammen oer nei it stedssintrum. De gebouwen fan de oerheid, likernôch 2000 hûzen en fiif tsjerken baarnden ôf. De oanlis fan it Trans-Sibearyske spoar nei Krasnojarsk tsjin it ein fan de 19e iuw brocht Jenisejsk in grutte tebekslach. It ynwenneral sakke fan 11.500 yn 1897 nei 7.100 yn 1917.

It âlde sintrum fan de stêd is troch it federale regear op 'e foarriedige list fan it wrâlderfgoed set.

Befolkingsferrin

Jier 1690 1723 1856 1897 1917 1939 1959 1979 1992 2009 2018 2022
Ynwenners 3.000 4.500 5.100 11.500 7.100 12.764 17.047 20.798 22.800 19.007 17.826 17.795

Read next

In 51 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article