factograf
FY

Ilona Hoeksma

Ilona Hoeksma

Key facts

bertedatum22 Maaie 1991
Berophurdfytser
berteplakLúkswâld

Ilona Hoeksma (Lúkswâld, 22 maaie 1991) is in Nederlânsk beropshurdfytster fan Frysk komôf. Yn 2017 ried se foar de Noarske hurdfytsploech Hitec Products. Fan 2018 ôf oan fytst se foar Parkhotel Valkenburg - Destil, krekt as tusken 2014 en 2016.

Yn maaie 2016 helle Hoeksma twa poadiumplakken yn de einritten fan de Sineeske rittekoersen Omgong fan Chongming en de Tour of Zhoushan Island. Twa dagen nei har 77e plak yn de La Course op de Champs-Élysées yn Parys, wûn hja de Profomgong fan Surhústerfean, nei twa jier twadde west te hawwen. Yn augustus waard se sânde yn de massasprint by de twadde etappe fan de Route de France. Under de sprint fan de tredde etappe foel se lykwols hurd mei in brutsen skouderbonke, fiif brutsen ribben en in klaplong fan gefolgen.

Palmares

2015

  • 5e yn 2e etappe Tour de Feminin - O cenu Českého Švýcarska

2016

  • 3e yn 3e etappe Omgong fan Chongming
  • 3e yn 3e etappe Omgong fan Zhoushan Island
  • 5e yn Sparkassen Giro
  • 8e yn NK op de dyk

2017

  • 4e yn Spar Flanders Diamond Tour

Keppeling om utens

  • Hoekstra op www.cyclingarchives.com
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Read next

In 4 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article