Haryana is in dielsteat yn it noarden fan Yndia, ûntstien op 1 novimber 1966 nei de ôfsplitsing fan Pûndjaab op basis fan taal (Hindy yn Haryana, Pûndjaabsk yn Pûndjaab). Hoewol't de steat relatyf lyts is, spilet er in wichtige rol yn 'e Yndiaaske lânbou en ekonomy.
De haadstêd is Chandigarh, dy't Haryana dielt mei Pûndjaab en sels in unyterritoarium is. De grutste stêd is Faridabad, wylst Gurugram (earder Gurgaon) útgroeid is ta in wichtich IT- en finansjeel sintrum.
Haryana wurdt ek assosjearre mei de âlde Yndiaaske skiednis: de flakten fan Kurukshetra wurde beskôge as it plak dêr't de mytyske Slach fan de Mahabharata ôfspile hawwe soe.
Geografy

Haryana leit yn it noardwesten fan Yndia en grinzget oan Pûndjaab en Himachal Pradesh yn it noarden, Radjastan yn it westen en suden, en oan Uttar Pradesh en Delhi yn it easten, mei de rivier de Yamuna as natuerlike grins.
De steat bestiet foar it grutste part út in flak en fruchtber lânskip dat tige geskikt is foar yntinsive lânbou. It meastepart fan 'e steat wurdt foarme troch de alluviale flakten fan 'e Yamuna en oare rivierôfsettings, dy't oer tûzenen jierren in rike boaiem opboud hawwe.
Yn it noardeasten lizze de Siwaliks, de leechste útrinners fan 'e Himalaya, benammen yn 'e omkriten fan Panchkula. Dizze regio is heuvelich en griener as de rest fan 'e steat. Yn it suden rinne de âlde, sterk erodearre heuvels fan it Aravalliberchtme troch de regio's fan Gurugram en Rewari. It súdwestlike part fan Haryana, ticht by Radjastan, wurdt karakterisearre troch in drûger, semy-woastyneftich lânskip mei sângrûn.
Hoewol't Haryana gjin grutte rivieren hat dy't it hiele jier troch it binnenlân streame, spilet wetter in krúsjale rol yn 'e regio. De Yamuna foarmet de eastgrins mei Uttar Pradesh en is in wichtige boarne foar yrrigaasje. De Ghaggar-Hakra is in seizoensrivier yn it noarden, dy't benammen yn 'e moesson wetter hat. Om it tekoart oan natuerlike wetterstreamen op te fangen, is der in wiidweidich netwurk fan kanalen oanlein, lykas it Westlik Yamuna-kanaal.
It klimaat fan Haryana is kontinintaal, mei grutte temperatuerferskillen tusken de seizoenen. De simmers binne tige hyt en drûch, mei temperatueren dy't faak boppe de 45 °C útkomme. De moesson bringt alle jierren it grutste part fan 'e delslach, al falt der yn it westen minder rein as yn it easten. De winters binne koel oant kâld en faak dampich, mei nachttemperatueren dy't bytiden ticht tsjin 'e froast oan sit.
Skiednis


De regio fan Haryana spilet al sûnt de ierste tiden in wichtige rol yn 'e skiednis fan Yndia. Yn 'e tiid fan 'e Yndusbeskaving lei hjir in ticht netwurk fan delsettings. Archeologyske plakken lykas Rakhigarhi, yn it distrikt Hisar, hearre ta de grutst bekende stêden fan dy beskaving en wurde faak neamd njonken plakken lykas Mohenjodaro.
Troch de strategyske lizzing, oan 'e tagong fan 'e Gangesflakte, wie Haryana iuwenlang it toaniel fan wichtige fjildslaggen. Wa't dizze flakten behearske, hie faak grutte ynfloed yn Noard-Yndia. By de Slach by Tarain (1191–1192) focht Prithviraj Chauhan tsjin Muhammad Ghori, wat it begjin markearre fan islamityske hearskippij yn 'e regio. Ek de striid by Panipat wie beslissend: yn 1526 fersloech Babur de sultan Ibrahim Lodi en lei dêrmei de basis foar it Mogolryk; yn 1556 befêstige Akbar syn macht troch de hearsker Hemu te ferslaan; en yn 1761 fersloegen Afgaanske troepen de Maratha-konfederaasje, wat de wei frijmakke foar lettere Britske ynfloed.
Yn 1803 kaam de regio ûnder it bewâld fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy. By in opstân fan 1857 spile de befolking in aktive rol yn it ferset tsjin 'e Britten. Nei de ûnderdrukking fan dy opstân waard it gebiet bestjoerlik ûnderbrocht by Pûndjaab, in regeling dy't mear as in iuw duorre.
Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 groeide de fraach nei in eigen steat foar de Hindy-sprekkende befolking yn 'e Pûndjaab. De saneamde Punjabi Suba-beweging late úteinlik ta de wet op 'e reorganisaasje fan Pûndjaab yn 1966. Op 1 novimber fan dat jier waard Haryana offisjeel in aparte dielsteat. De stêd Chandigarh waard oanwiisd as mienskiplike haadstêd fan sawol Pûnjaab as Haryana, in bysûndere bestjoerlike konstruksje dy't hjoed-de-dei noch altyd bestiet.
De befolking fan Haryana hat in sterk karakter dat woartele is yn de agraryske tradysje, mar dat de lêste desennia feroare troch de groei fan Delhi.
Befolking

Hoewol't Haryana fan oarsprong in boeresteat is, wennet in groeiend diel fan 'e befolking yn stêden. De regio om Delhi hinne (it Nasjonaal Haadstêdlik Distrikt of NCR) is ien fan 'e tichtst befolke gebieten fan Yndia.
De offisjele taal is it Hindy, ek al praat de mearderheid fan 'e befolking Haryanvi, in dialekt fan it Hindy dat bekend stiet om syn krêftige en direkte klanken. Yn it noarden wurdt ek Pûndjaabsk praat, wylst yn it suden (regio Mewat) it Meati-dialekt foarkomt.
In opfallend kultureel skaaimerk fan 'e befolking is de passy foar sport, benammen wrakseljen (kushti), boksen en atletyk. Hoewol't Haryana mar likernôch 2% fan 'e Yndiaaske befolking útmakket, leveret de steat faak mear as de helte fan alle Yndiaaske medaljes op ynternasjonale eveneminten lykas de Commonwealth Games en de Olympyske Spullen. Bekende sporters lykas Neeraj Chopra (spearsmiten) komme út dizze steat.
Religy
De religieuze ferdieling yn Haryana is relatyf homogeen yn ferliking mei guon buorsteaten, mar mei in Sikh-mienskip yn it noarden en in Moslim-mienskip yn it suden.
| Religy | % (2001) | % (2011) | Ferskil | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|
| Hindoeïsme | 88,23% | 87,46% | -0,77% | De grutte mearderheid; Kurukshetra is in wichtich religieus sintrum. |
| Islam | 5,81% | 7,03% | +1,22% | Konsentrearre yn 'e regio Nuh (Mewat). |
| Sikhisme | 5,53% | 4,91% | -0,62% | Fral yn 'e distrikten dy't oan Pûndjaab grinzgje (lykas Sirsa en Ambala). |
| Jaïnisme | 0,27% | 0,21% | -0,06% | In lytse, mar ekonomysk ynfloedrike hannelsmienskip. |
| Kristendom | 0,13% | 0,20% | +0,07% | Benammen yn stedske gebieten lykas Gurugram. |
| Oars / net opjûn | 0,03% | 0,19% | +0,16% | Ynklusyf boedisme en oare lytse groepen. |
| Jier | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1941 | 1951 | 1961 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 4.623.064 | 4.174.677 | 4.255.892 | 4.560.327 | 5.273.820 | 5.673.681 | 7.590.543 |
| Groei | — | -9,7% | +1,9% | +7,1% | +15,6% | +7,6% | +33,8% |
| Jier | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2011 | ||
| Ynwennertal | 10.036.808 | 12.922.618 | 16.463.648 | 21.144.564 | 25.351.462 | ||
| Groei | +32,2% | +28,8% | +27,4% | +28,4% | +19,9% |
Grutste plakken
| Rang | Plak | Distrikt | Ynwennertal (2001) | Ynwennertal (2011) | Groei (%) | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Faridabad | Faridabad | 1.055.938 | 1.414.050 | +33,9% | Grutste yndustrystêd. |
| 2 | Gurugram | Gurugram | 173.542 | 876.969 | +405,3% | IT-hub en finansjeel sintrum. |
| 3 | Panipat | Panipat | 261.740 | 444.519 | +69,8% | Histoaryske stêd en tekstylsintrum. |
| 4 | Ambala | Ambala | 139.279 | 202.325 | +45,3% | Wichtich militêr en spoarknooppunt. |
Kultuer en toerisme

De kultuer fan Haryana is foar in grut part woartele yn 'e plattelânsmienskippen, dêr’t tradysjes en folkgebrûken in wichtige rol spylje. Folkmuzyk en dûns binne dêr in ûnderdiel fan. Ek ambachten hawwe in lange tradysje. Sa is de regio bekend om Phulkari (kleurich borduerwurk) en ierdewurk, wylst Panipat in wichtich sintrum is foar de produksje fan tekstyl lykas tapijten en lekkens. Alle jierren wurdt Surajkund Mela by Faridabad organisearre, ien fan 'e grutste ambachtsbeurzen fan 'e regio en mei dielnimmers út hiel India en dêrbûten.
It toerisme yn Haryana rjochtet him foaral op histoaryske en religieuze plakken. Kurukshetra wurdt beskôge as in hillich gebiet yn it hindoeïsme, mei plakken lykas de Brahma Sarovar en Jyotisar, dy’t ferbûn wurde mei de Mahabharata. De Pinjore Gardens (ek wol Yadavindra Gardens) binne in foarbyld fan túnarsjitektuer út de Mogoltiid. Yn 'e Morniheuvels, it wichtichste heuvelgebiet fan 'e steat, lizze ûnder oare de Tikkar Taal-marren.
Natoer

Hoewol't in grut part fan Haryana agrarysk brûkt wurdt, binne der ferskate natoergebieten mei beskermde biodiversiteit.
- It Nasjonaal Park Sultanpur by Gurugram is in wichtich fûgelreservaat en in erkend Ramsargebiet, dêr't in soad trekfûgels oerwinterje.
- It Nasjonaal Park Kalesar yn it noarden leit yn 'e Shiwaliks en bestiet út boskgebieten mei ûnder oare loaihoarsen en oare wylde bisten.
It Wyldreservaat Bhindawas is in wichtich sompegebiet en in sintrum foar wetterfûgels.
Ekonomy

Haryana is ien fan 'e ekonomysk meast ûntwikkele steaten fan Yndia, mei sterke lânbou, yndustry en tsjinstesektor.
De steat spile in wichtige rol yn 'e Griene Revolúsje fan 'e jierren 1960-1970. Troch moderne lânboutechniken en yrrigaasje waard Haryana in grutte produsint fan ûnder oare basmati-rys, weet en suvel. De Murrah buffel (in wetterbuffelsoarte) stiet bekend om syn hege molkproduksje en is in wichtich ûnderdiel fan 'e lokale ekonomy.
Ek de yndustry is goed ûntwikkele. De regio om Gurugram, Manesar en Bawal wurdt faak sjoen as in wichtich sintrum fan de Yndiaaske auto-yndustry, mei bedriuwen lykas Maruti Suzuki en Hero MotoCorp. Faridabad is al langer in sintrum foar masinebou en yndustriële produksje.
De tsjinstesektor is benammen groeid yn Gurugram, dat útgroeid is ta in wichtich finansjeel en technologysk sintrum mei in soad ynternasjonale bedriuwen en start-ups. It fleanfjild en de neite ta Delhi spilet dêr in wichtige rol yn.
Haryana hat ek sterk ynset op ynfrastruktuer, mei wichtige snelwegen lykas de Western Peripheral Expressway. Op it mêd fan enerzjy is de steat foar in part ôfhinklik fan termyske sintrales, mar de ynvestearring yn sinne-enerzjy nimt stadichoan ta.
Bestjoer

| Distrikt | Haadplak | Ynwennertal (2001) | Ynwennertal (2011) | Groei (%) |
|---|---|---|---|---|
| Ambala | Ambala | 1.014.411 | 1.128.350 | +11,2% |
| Bhiwani | Bhiwani | 1.425.022 | 1.634.445 | +14,7% |
| Charkhi Dadri* | Charkhi Dadri | — | 502.276 | — |
| Faridabad | Faridabad | 1.365.465 | 1.809.733 | +32,5% |
| Fatehabad | Fatehabad | 806.158 | 942.011 | +16,9% |
| Gurugram | Gurugram | 870.539 | 1.514.432 | +73,9% |
| Hisar | Hisar | 1.537.117 | 1.743.931 | +13,4% |
| Jhajjar | Jhajjar | 880.072 | 958.405 | +8,9% |
| Jind | Jind | 1.189.827 | 1.334.152 | +12,1% |
| Kaithal | Kaithal | 946.131 | 1.074.304 | +13,5% |
| Karnal | Karnal | 1.274.183 | 1.505.324 | +18,1% |
| Kurukshetra | Kurukshetra | 825.454 | 964.655 | +16,8% |
| Mahendragarh | Narnaul | 812.521 | 922.088 | +13,5% |
| Nuh (foar 2016 Mewat) | Nuh | 789.750 | 1.089.263 | +37,9% |
| Palwal | Palwal | 829.121 | 1.042.708 | +25,8% |
| Panchkula | Panchkula | 468.411 | 561.293 | +19,8% |
| Panipat | Panipat | 967.449 | 1.205.437 | +24,6% |
| Rewari | Rewari | 765.351 | 900.332 | +17,6% |
| Rohtak | Rohtak | 940.128 | 1.061.204 | +12,8% |
| Sirsa | Sirsa | 1.116.649 | 1.295.189 | +16,0% |
| Sonipat | Sonipat | 1.279.175 | 1.450.001 | +13,4% |
| Yamunanagar | Yamunanagar | 1.041.630 | 1.214.205 | +16,6% |
- Charkhi Dadri waard pas yn 2016 in eigen distrikt; de sifers foar 2011 binne de optelsom fan de gemeenten dy't no by it nije distrikt hearre.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Haryana fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
- Census of India.
