factograf
FY
Sign in

Hammersmith

Hammersmith
De ferneamde Dove Pub. It iennichst oerbleaune part fan it âlde doarp Hammersmith
De ferneamde Dove Pub. It iennichst oerbleaune part fan it âlde doarp Hammersmith

Hammersmith is in wyk yn it Londenske bestjoerlike gebiet Hammersmith en Fulham, yn de regio Grut-Londen. De wyk, oarspronklik in doarp, leit sa'n 8 kilometer westlik fan Charing Cross op de noardigge fan de rivier de Teems.

It is ien fan de sintrums yn West-Londen foar transport, kommersje en wurkgelegenheid, en it hat de kantoaren fan multynasjonale ûndernimmingen. De wyk hat twa London Underground-stasjons, in busstaasjon en it ferkearsknooppunt by Hammersmith Broadway leit tichteby. De Hammersmithbrêge ferbynt it stedsdiel mei de wyk Barnes yn it súdwesten

It plak is al tsientallen jierren it sintrum dêr't de Poalske minderheid fan Londen húsmannet.

Ferneamde ynwenners

Panorama, de Teems by Hammersmith, 2011
Panorama, de Teems by Hammersmith, 2011
  • Edmonia Lewis († 1907 yn Hammersmith), Afro-Amerikaanske byldhouster
  • Roger Daltrey (* 1944), muzikant en sjonger fan The Who
  • Alan Rickman (* 1946), akteur
  • Sacha Baron Cohen (* 1971), komyk en akteur
  • Tom Hardy (* 1977), akteur
  • Lily Allen (* 1985), sjongster


Read next

In 35 languages

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article