De feereager (Ardea ibis, foarh. Bubulcus ibis) is in lytse wite reagersoarte.
Fersprieding
Oarspronklik komt de soart út Afrika. De ôfrûne 50 jier hat de soarte him lykwols ferspraat oer oare kontininten, Aazje, Amerika, Austraalje en Súd-Europa (it suden fan Spanje en Portugal).
Earder waard de fûgel hieltiten faker waarnommen yn Nederlân, mar de fûgel briede net regelmjittich. Sûnt 2021 briedt de feereager alle jierren yn Nederlân. Der is in groeiende populaasje, mei in taname yn 2024 oant 29-31 pearkes.
Suriname
De feereager komt algemien foar yn 'e kuststreek fan Suriname, hjit yn it Sranan sabaku en hat fanwegen syn populariteit model stien foar it logo fan de Surinaamske Loftfeart Maatskippij.
Skaaimerken
De feereager is sa'n 50 cm en bewennet swietwettersompen, kultuerlân en greide.
Fiedsel
Fuortplanting

Feereagers nestelje faak yn it selsip fan oare reagersoarten. Yn it briedseizoen kriget de feereager skaaimerken dy't er oars net hat; oan 'e toef, op 'e rêch en op it boarst binne dan in tal lange isabelkleurige sierfearren te sjen binne. Ek de poaten en de snaffel krije dan in wat djipper readige kleur.
Keppelings om utens
- SoortenBank.nl beschrijving, afbeeldingen en geluid
- Waarnimmingen yn Nederlân
- Waarnimmingen út Belgje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bubulcus ibis fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
