
Karriêre
Yn 1968 rjochte May de band Smile op, mei Tim Staffell as sjonger en bassist, letter kaam drummer Roger Taylor hjir by. Dizze band bestie mar twa jier, fan 1968 oant 1970. Neidat Smile ophâlden wie sette Brian May mei drummer Roger Taylor in nije band op, in sjonger waard fûn yn Farrokh Bulsara dy't himsels letter Freddie Mercury neamde en ek de betinker is fan de bandnamme Queen. In bassist wie dreger te finen mar yn 1971 waard John Deacon de bassist fan Queen. Nei it ferstjêren fan Freddie Mercury yn 1991 gie May solo fierder yn 1992 brocht hy syn earste solo album Back to the Light út.
Priveelibben
Brian May waard berne yn Hampton, Londen, Ingelân, as iennichst bêrn fan in technysk tekener. May folge fanôf 1970 in stúdzje stjerrekunde yn Londen mar studearre pas yn 2007 ôf. May is twa kear boaske en hat út syn earste houlik trije bêrn. May is al jierren aktyf as beskermer fan dassen.
Diskografy
Albums
As gastmuzikant
| Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
|---|---|---|---|
| If We Believe | You Like It Clean | 2002 | Lynn Carey Saylor |
| Somebody to Love | Gems for Ruby | 2009 | Catherine Porter |
| Rockstar | Bad Intentions | 2012 | Dappy |
| Blue on Black | And Justice for None | 2019 | Five Finger Death Punch |
