factograf
FY

Feite de Jager

  • 1 min read

Key facts

bertedatum11 Novimber 1915
datum fan ferstjerren6 Maart 2007
Beropkeatser
berteplakHarns
stjerplakHarns

Feite de Jager (Harns, 11 novimber 1915 - dêre, 6 maart 2007) wie in keatser.

Yn 1931 helle Feite de Jager syn earste grutte súkses mei it winnen fan de Freulepartij mei Bauke van Seijst en Sjoerd van der Meer. Dêrnei wûn hy noch twaris de Jong Nederlânpartij yn 1935 en 1936. Hy wûn yn 1940 de PC mei Lou Seerden en Marten van der Hem. Twa jier letter wie er opnij winner, diskear mei Jan Rodenhuis en Frans Helfrich.

Nei de oarloch waard Feite yn 1946 noch in kear twadde op de Bond. De banketbakker en lettere fiskhanneler keatste fan 1936 oant en mei 1946 en helle sadwaande 103 punten yn it ivich keatsklassemint.

Prizen

  • 1931 - Freulepartij 1e priis
  • 1934 - Jong Nederlân 3e priis
  • 1935 - Jong Nederlân 1e priis
  • 1936 - Jong Nederlân 1e priis
  • 1946 - de Bond 2e priis
  • 1940 - PC 1e priis
  • 1941 - PC 4e priis
  • 1942 - PC 1e priis


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Keatsmuseum, Digitale Kolleksje, Feite de Jager

Read next

Text from Wikipedia, CC BY-SA 4.0 · Source article